Wiete en wynderige Karweikedei 2019

Nettsjinsteande it wiete en stoarmige maartewaar kin de jierlikse Karweikedei dochs tige slagge neamd wurde. Op sneon 16 maart kamen de moarns mar leafst 35 frijwilligers yn it doarpshûs byelkoar foar in bakje kofje en de taakferdieling. Om healwei tsienen gyng it los: wylgen snoeie, hout fersnipperje, brêgen en strjitmeubilêr himmelje. Swerftroep opromje, houtsnippers ûnder de doarpshagen kroadzje, it Pompeblêd en de flinterberm opkreazje;  troch de hiele buorren en bûtenút wiene de ploechjes frijwilligers oan ‘e slach. It wie dizze, al wer achtste, Karweikedei ien grut beweech fan reinpakken. Ek de nije ynwenners wiene goed fertsjintwurdige en kamen sa op in bysûndere wize yn de kunde mei de doarpsmienskip fan Kûbaard. Lykas wenst waard de Karweikedei ôfsluten mei in waarm miel iten yn it doarpshûs.(DH)

Klik hjir foar in fotoferslachje.