Laatste nieuws

  1. 13 mei

    Uitnodiging expositie "De verte dichtbij"

     

    Zaterdag 18 mei om 16:00 uur a.s.wordt iedereen van harte uitgenodigd om onder het genot van een hapje en drankje de opening bij te wonen van "De verte dichtbij". Exposante Tiny Zijlstra is geïnspireerd door het  Friese landschap. Haar schilderijen zijn tot 23 juni te bewonderen, dus ook na 18 mei.........? Van harte welkom! Let op: Wisselende openingstijden.

    Monique en Simon

  2. 02 mei

    Privacy Policy 2019

    De nieuwe Privacy Policy 2019, welke is bijgesteld en vastgesteld n.a.v. de ALV is hier beschikbaar.[SN]

  3. 28 mrt

    Tonielútfiering

    Op sneon 13 april is de tonielútfiering yn it doarpshûs fan Kûbaard. Foar fiedere info sjoch bygeande útnoeging.

  4. 19 mrt

    Wiete en wynderige Karweikedei 2019

    Nettsjinsteande it wiete en stoarmige maartewaar kin de jierlikse Karweikedei dochs tige slagge neamd wurde. Op sneon 16 maart kamen de moarns mar leafst 35 frijwilligers yn it doarpshûs byelkoar foar in bakje kofje en de taakferdieling. Om healwei tsienen gyng it los: wylgen snoeie, hout fersnipperje, brêgen en strjitmeubilêr himmelje. Swerftroep opromje, houtsnippers ûnder de doarpshagen kroadzje, it Pompeblêd en de flinterberm opkreazje;  troch de hiele buorren en bûtenút wiene de ploechjes frijwilligers oan ‘e slach. It wie dizze, al wer achtste, Karweikedei ien grut beweech fan reinpakken. Ek de nije ynwenners wiene goed fertsjintwurdige en kamen sa op in bysûndere wize yn de kunde mei de doarpsmienskip fan Kûbaard. Lykas wenst waard de Karweikedei ôfsluten mei in waarm miel iten yn it doarpshûs.(DH)

    Klik hjir foar in fotoferslachje.

  5. 09 mrt

    Karweikedei NL Doet 16 maart 2019

    De jierlikse Karweikedei yn en om Kûbaard is dit jier op sneon 16 maart. Wy ferwachtsje dat, lykas altyd, wer in moaie ploech frijwilligers meihelpt om it doarp op te kreazjen. Karweikes binne der yn alle gefallen genôch: wylgen snoeie hout fersnipperje, brêgen en kombuorden himmelje, houtsnippers ûnder hagen kroadzje en wat al net mear. 
    De Karweikedei krijt wer in bydrage fan € 400,00 fan it Oranje Fonds yn it ramt fan de lanlike aksje NL Doet op 15 en 16 maart 2019. 
    De frijwilligersdei wurdt lykas wenst ôfsluten mei in mienskiplike iterij yn it doarpshûs, foar alle meiwurkwers en elk dy't troch it jier wolris frijwilligerswurk docht. (DH)

Agenda

Weer Kûbaard