Laatste nieuws

  1. 08 okt

    Tige slagge Kûbaarder Hurdrindei

      

    thumb jeugd hurdrindei

    De 31ste Kûbaarder Hurdrindei kin, mei troch it prachtige waar, wer as in tige slagge evenemint de boeken yn. Under hast simmerske omstannichheden ferskynden 120 atleten oan de start foar ien fan de fjouwer ôfstannen:1,5 km foar de jeugd oant en mei 12 jier, 8 km, 14,5 km en de heale maraton fan 21,1 km. Elkenien helle de einstreek. De heale maraton waard wûn troch Roelof Oostra út Mantgum (1:16:18) en Geke Venema út Easterlittens (1:40:32), de 14,5 km troch Gerard Houbein út Frjentsjer (0:52:21) en Bettie de Graaf út Snits (01:09:31), de 8 km troch Wabe Roskam út Wommels (0:32:46) en Hester Groenveld út Boalsert (0:37:20) en de 1,5 km troch Sven Klaas Bootsma (0:06:37) en Rinske Schukken út Kûbaard (0:08:27). (DH)

    Klik hjir foar de folsleine útslaggen.
    Klik hjir foar in foto-ferslach fan Djurre van der Schaaf.

     

  2. 02 okt

    31ste Kûbaarder Hurdrindei

     

    logo hurdrindei

    De 31ste edysje fan de Kûbaarder Hurdrindei sil plakfine op sneon 6 oktober. De atleten kinne dan de wenstige rûntsjes fan likernôch 7 kilometer oer it prachtige parkoers yn de omkriten fan Kûbaard wer ôflizze. Hja kinne kieze út de ôfstannen fan 8 km, 14,5 km en 21 km . Foar de skoaljeugd oant en mei 12 jier is der fansels de loop fan 1,5 kilometer. De rûte giet fan Kûbaard nei de Gaast, werom troch de buorren en fia de Swarte Beien, de Slachte en Littenserbuorren nei Kûbaard werom. De start is om 11.00 oere. Foar oanmelden en mear ynformaasje klik op www.kubaarderhurdrindei.nl. (DH)

     

  3. 27 jul

    Simmersk doarpsfeest yn Kûbaard

     

    Jonge wetterdragers

    Sierlik simmerwaar wie it mids july mei it jierlikse Doarpsfeest fan Kûbaard. Nettsjinsteande de start op freed de trettjinde waard it wer in âlderwetsk gesellich feest mei in soad (wetter)spultsjes, keatsen, follybal, muzyk en wat al net mear. Koartsein in protte wille en fertier mei in soad meidoggers en publyk. 
    Plaatsjes sizze faak mear as praatsjes. Klik dus hjir foar in fotoferslach fan Janke Lichthart.

  4. 19 jul

    Trekker

     

     
    IMG-20180717-WA0000

    Dizze trekker siket syn baaske.  Wa hat de trekker fergetten? (se) 

     

     
  5. 08 jul

    Fossylfrij papier sammelje

      

    Kloetsje

    Wat in idyllyske plaatsjes, ôfrûne sneontemoarn yn en om Kûbaard. Al goed 37 jier wurdt ien kear yn de twa moanne yn de buorren en bûtenút it âld papier sammele foar in ekstra potsje foar doarpsbelang. Diskear gyng it transport op in bysûndere wize: mei de ikkerskûte fan Pim, kloetsjend troch de Kûbaarder feart, Roel mei hynder-en-wein troch de buorren, Frits mei trekker-en-wein (ridend op biodisel) bûtenút en fierder mei kroaden, karren en sa mear. Sels it âlde boadskippekarke fan Anne Folkertsma silger, wie foar dat doel fan de souder helle. Sa waard it âld papier man-/froumachtich nei de container by Tsjerk tôge. Dy siet by eintsjebeslút sa fol dat de doar mei trije man sterk tichttreaun wurde moast. En dat allegearre yn it ramt fan de provinsjale Alvewegetocht mei folslein fossylfrij transport. (DH)

    Klik hjir foar in fotoferslach.