© 2022 Kubaard
Inloggen beheerLaatste nieuws
-
19 mei
Autopetters en fytsers troch Kûbaard
De allerdrokste dagen fan it jier steane yn Kûbaard wer foar de doar. Op Pinkstersnein steppe moarns likernôch tusken achten en tsienen in pear hûndert autopetters, op harren rûte lâns de Fryske âlve stêden, troch de buorren. En op Pinkstermoandei sûzje sawat fyftjintûzen fytsers troch Kûbaard, de dielnimmers oan de Fytsâlvestêdetocht, yn in bûnt ferskaat. De earsten jeie om goed 9 oere al troch de buorren, as sit de duvel har op de hoksen. Dan folgje de grutte kloften, yn lange rigen slingerjend oer de Joarumerleane en de Slachte, rjochting Boalsert. Foar it doarpshûs is it altiten in boppeslach mei moai wat oanrin fan it meast fêste klanten. Efkes lins yn Kûbaard, sawat healwei de lange tocht. Tsjin fjouweren falt stadich de stilte wer oer it doarp. (DH
-
17 mei
-
10 mei
Boerenpartij 6 maaie 2018
-
10 mei
Hege Tee 2018
Hege Tee!
It is alwer 5 jier lyn dat we een hege tee hienen yn Kûbaard. Dus heech tiid foar alle froulje fan ús doarp om wer rist oan de tee te gean. We ha een datum prikt: 19 maaie om 15.00 oere by Thea Kooistra, Joarumerleane 23. Dan gean we earst een spultsje dwaan (foar elstenien goed te dwaan) en dêrnei stiet de hege tee klear.
Wy sykje nog wat froulje dy wat bakke wolle foar dizze dei. Graag efkes opjaan en wat jimme meitsje sadat we net allegearre fan it selfde ha.
Wolle jimme meidwaan oan de hege tee dan ek graag efkes opjaan. Kosten: in frijwillige gift foar dizze gesellige middei.
groetnis, Thea, Anneke, Janke en Saskia
opjaan by Thea fia de mail foar 16 maaie: Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. (SE) -
29 apr
Kofje mei in stekje
Dat wie wer ris wat oars: ynstee fan it bekende Kûbaarder kofje-oerke yn it doarpshûs wie it ôfrûne sneontemoarn Kofje mei in stekje by de sportberging op it sportfjild. Op inisjatyf fan de Wurkgroep Oansjen Kûbaard (WOK) waard dêr in ruilmerk foar blomstekjes en -sied hâlden. Ferskate entûsjaste blomkers út it doarp en de omkriten fierden harren waar by kroaden fol oan. Der kaam in protte folk op ta en it waard in libbene ruilhannel mei in gesellich praatsje en in bakje kofje. It waar wierre tige mei. (DH)
Klik hjir foar in foto-ferslachje.
Agenda
- Geen evenementen